Afdrukken
Hits: 1898

Wêr wurdest do lokkich fan? Lit it ús witte en goai dyn 'gelokskaart' úterlik 19 july yn de bus en skriuw sa mei oan it grutste geloksgedicht fan Fryslân!

Tryater nûget dy út om antwurd te jaan op de fraach wêr'tsto lokkich fan wurdst. Fan alle antwurden meitsje we it grutste geloksgedicht oait!

It gelok fan Fryslan

De gelokskaarten binne yn de earste wike fan july hûs oan hûs besoarge. Net in kaart? Se binne noch te krijen by minibieb 'It lytse boekehús'.
Yn Wikel stiet de Geloksbrievebus yn ‘e tún fan postboade Marten Deinum oan de Du toursstraat 10. Leverje dyn kaartsje net letter as 19 july yn!!

Geloksbrievebus

Fan 29 augustus oant 1 novimber striket Tryater alle wiken del yn in oar doarp. Oan ‘e hân fan it Geloksgedicht meitsje we in teatrale audio-kuier. Foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fier dêrbûten. Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. As in karavaan fan gelok lûkt Tryater dit neijier fan plak nei plak en elkenien krijt in ferrassende poëtyske ûnderfining op lokaasje.

It gelok fan Fryslân is in fjouwerjierrich projekt fan Tryater fan teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans: se ûndersykje hoe’t it kin dat Fryslân de gelokkichste provinsje fan Nederlân is. Elk jier dûke we op yn in oar plak en yn in oare foarm. Alle kearen spylje de ynwenners fan Fryslân in wichtige rol.
Dit earste diel foarmet de ôftraap fan it fjouwerjierrige projekt en is tagelyk it earste projekt ûnder de artistyk lieder Tatiana Pratley.

Wannear?

It gelok fan Fryslân strykt del yn de folgjende doarpen:

29 en 30 augustus: Marsum
5 en 6 septimber: Jorwert
12 en 13 septimber: Koarnjum
19 en 20 septimber: Feanwâlden
26 en 27 septimber: Wommels
3 en 4 oktober: Eastermar
10 en 11 oktober: Wikel
17 en 18 oktober: Reduzum
24 en 25 oktober: Kollum
31 oktober en 1 novimber: Winaam

Frywilligers en foarbereiding

De foarbereidings yn ús doarpmei de frywilligers sille plakfine op tongersdei 8 en freed 9 oktober.
Mochtest graach meihelpen wolle as frywilliger, dan kinst dy opjaan by regisseur Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of hâld Marten Deinum efkes oan.

Mear ynformaasje: www.tryater.frl (of yn it Hollansk: www.tryater.nl)