Afdrukken
Hits: 1673

As jo in loopke om Wikel dogge falle altiid de blikjes en de plastic fleskes yn de bermen op.

Wy begripe net wa’t it yn ‘e plasse krijt om blikjes en fleskes yn ‘e berm te goaien, mar guon fytsers en kuierders kinne harren der blykber net om bekruodsje.

Wurkgoep Griene Romte wol! Dêrom ha wy in plan betocht om de bermen skjin te hâlden. Himmeldei mei de skoalbern is gjin opsje mear en wy fine it as wurkgroep ek te folle risiko om mei groepen bern lâns de wei te rinnen.

As alternatyf ha wy oan in adopsjeplan tocht. We ferdiele de bermen yn en om Wikel yn parten. As frijwolliger kinne jo in part fan de bermen adopteare. Mei in plastic tas en in pear wurkwanten rinne jo pakwei ien kear yn ‘e moanne, of ien kear yn é fjirtjen dagen, sa faak en wannear as jo sels wolle by jo adoptearre stik berm lâns en pakke alle blikjes, plastic en papier mei, wat op it trajekt yn it sicht leit. Ûnderwâlen útkeamme is net nedich en partikuliere terreinen kinne oerslein wurde.

It sammele plastic en blik kin yn de eigen grize bak ôffiert wurde. Organysk materiaal en útwerpsels fan hynders en hûsbisten fergeane wol op it plak dêr’t it leit. Bistebazen heare dêr sels om te tinken.

As jo dit plan wat ta liket en jo wolle ek in stik berm adopteare, kinne jo dit oanjaan fia e-mail adres Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

Tagelyk kinne jo dan oanjaan hokker stik berm jo foarkar hat. Kaartsje mei ferdieling fan de parten

Griene Romte Wikel

(nederlandse versie)